It ferhaal fan Age Veldboom oer de skûtsjes is wol bekend by wa't mei him farre of it Skûtsjemuseum yn Earnewâld besykje. It giet oer âlde skippen, earmoed, hurd wurkje en de ferslaving fan it silen. Dat ferhaal stiet sintraal yn it nijste Earnewâldster iepenlofttheaterstik ‘Myn Skip’, dat yn septimber 2018 by Annage opfierd wurdt. De première op 21 septimber gong fanwege it waar net troch, de opfierings fan saterdei en snein wol. Dêr kaam in smite folk op of, dat in sfearfol plakje op ‘e tribunes oan it wetter krige en in koptelefoan mei ‘krektecht’ lûd.
Ferteller Age Veldboom is mar ien aspekt fan dit stik. In oar is in prachtich ballet fan allegear skippen dy ’t in rol spylje: fan in motorisearre en opboud ponton fan Sytse Bruinsma oant de Sterke Jerke, fan it Earnewâldster Skûtsje, de Lytse Earnewâldster, de Jonge Wypke, de Jonge Hiltsje en de Dikke Otter oant de pream De Dominee, it houtene skûtsje Aebelina en allegear oare fartugen. Dêr hearden ek seis miniatuurskûtsjes by, in pear jier lyn boud foar it jubileum fan de Sneker Pan en skonken oan it Skûtsjemuseum. Dy leste fearen mei opswypkjend radiokommintaar in wedstrydsje. In hiel oar lûd kaam fan foarby farrende koaren.
Harmen Brouwer, de nije skipper op de Drie Gebroeders en fokkenist op de Gerben van Manen (Hearrenfeanster skûtsje) wie der ek, út en troch as tsjinspiler fan Age. Hy hie mar in beskieden roltsje, dat er ek beskieden spile – folslein yn it skaad fan inisiatyfnimmer en scriptskriuwer Veldboom. Earder hat Brouwer sjen litten dat er echt wol toanielspylje kin, mar dat kaam der no net sa út.
It tredde folweardige aspekt yn dit stik wie de muzikaal-poëtyske bydrage fan Ella de Jong mei har gitarist en komponist Herman Woltman, tegearre Ella & her Man. Dy Woltman tekene ek foar de measte muzyk fan de Big Band Friesland. Dat Ella sa moai song, kaam mei fan de prachtige teksten fan Baukje Wytsma, ûnder oare oer de AEbelina.
In klassyk ‘iepenloftspul’ mei in intrige en in clou wie it dus net. Mar in moaie opfiering fan in histoarysk ferhaal op in prachtige lokaasje by ljochtmoannewaar wol. It gehiel stie ûnder rezjy fan de betûfte Theo Smedes. En it moai fersoarge programmaboekje mei, krekt as de CD, wol even apart neamd wurde. Dit is echt in multymediaproduksje.